Jacques Monasch slút weromkear yn de polityk net út

De polityk lûkt oan him, seker dizze dagen, mar op dit stuit kiest Monasch foar in oare karriêre. Dochs slút er in weromkear yn de polityk net út en hielendal net as der in sosjaal demokratyske partij wêze soe nei it model fan de Deenske sosjaal demokraten. Monasch diskussearre yn it radioprogramma Buro de Vries oer de ôfrûne Twadde Keamerferkiezingen mei Rendert Algra (CDA) en Aant Jelle Soepboer (FNP)
Jacques Monasch © Lex Draijer
Snitser Jacques Monasch waard yn 1990 polityk aktyf foar de PvdA. Nei ferskate funksjes op it lanlike buro, ûnder oaren as kampanjelieder, kaam er yn 2010 yn de Twadde Keamer. Yn 2016 makke hy bekend dat er him net mear yn de koers fan de PvdA fine koe. Hy gie as ienling fierder yn de Keamer en rjochte de partij "Nieuwe Wegen" op dy't meidie oan de Twadde Keamerferkiezingen fan 2017. Dat waard gjin sukses en Monasch luts him werom út de polityk en rjochte him op syn karriêre as galeryhâlder.
Neffens Monasch binne in soad 'linkse' kiezers oerstapt nei partijen as de PVV en FvD trochdat de linkse partijen har tefolle rjochtsje op minsken dy't wat heger oplaat binne. Monasch sjocht folle mear yn in sosjaaldemokratyske partij sa't dy yn Denemarken oan de macht is. In partij mei in dúdlik sosjaal profyl en tagelyk konservatyf op tema's as migraasje, Europa en feilichheid.
Monasch