Fragen VVD-Waadhoeke oer legere TONK-bedragen

21 mrt 2021 - 17:09

De fraksje fan de VVD yn de gemeente Waadhoeke fynt it nuver dat minsken yn harren gemeente minder jild fanút de TONK-regeling krije, as ynwenners fan oare Fryske gemeenten. Se wolle opheldering fan it kolleezje fan B&W.

Foto: Pexels.com

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn de gemeente Waadhoeke hat earder yn maart it beslút naam om de TONK-regeling (Tijdelijke Ondersteuning Noodzakelijke Kosten) yn harren gemeente yn te skalen op 750 oant 1500 euro. Dit is leger as yn de buorgemeentes Harns en Ljouwert. Hjir kinne minsken oanspraak meitsje op bedragen tusken de 1000 en 2000 euro. De VVD wol witte wêrom't de bedragen yn harren gemeente leger binne, en oft dat ek ophege wurde kin.

De TONK-regeling is ynsteld foar minsken dy't troch de coronakrisis muoite hawwe om fêste lêsten te beteljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)