Foarearst gjin fersoepelings fan de coronamaatregels

21 mrt 2021 - 16:52

De coronamaatregelen sa't dy no jilde wurde foarearst noch net fersoepele. Dat sizze boarnen binnen it kabinet tsjin de NOS. De oanpassings dy't it kabinet twa wiken lyn oankundige, kinne net trochgean, sa sizze de boarnen.

Jongelju op it terras by restaurant Aan de Gracht yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Under lieding fan demissionêr premier Mark Rutte oerleine de belutsen ministers snein wer yn it Catshuis yn Den Haag. De ôfrûne dagen lieten ferskate leden fan it Outbreak Management Team harren al kritysk út oer de mooglike fersoepelingen.

Twa wiken lyn sei premier Rutte noch dat mei de Peaske mooglik wer wat fersoepelingen komme koene wat terrassen oanbelanget. En ek it heger ûnderwiis soe oan bar wêze foar fersoepelingen. Mar de besmettingssifers rinne de lêste twa wiken wer bot op, en dus wurde dizze plannen foarearst wer fan tafel helle. Ek de jûnsklok sil noch langer trochrinne.

De kontakten fan de NOS melde fierder dat de maatregels net hurder oanhelle wurde, lykas wol bart yn de lannen om ús hinne. De kommende dagen binne der noch ferskate oare oerlizzen. Under oare dy fan de ferskate Veiligheidsregio's, dêr't ek in fertsjintwurdiging fanút Fryslân by oanwêzich is. Tiisdeitejûn is der wer in parsekonferinsje.

Trefwurden: 
maatregels Corona
(Advertinsje)
(Advertinsje)