RIVM: 243 nije besmettings yn Fryslân

It RIVM meldt snein 243 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat is der ien minder as sneon. Doe wienen der 244 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (43), dêrnei folgje Ljouwert (31), De Fryske Marren (31) en Smellingerlân (31).
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne twa sikehûsopnamen west yn Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 7025 nije coronagevallen registrearre. It lanlike gemiddelde fan de ôfrûne wike is 6372.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.