Cambuur kin profitearje fan misstappen konkurrinsje

21 mrt 2021 - 15:20

Cambuur spilet moandeitejûn de thúswedstriid tsjin FC Eindhoven yn de wittenskip dat de konkurrinsje earder it wykein punten lizze litten hat. De Graafschap kaam net fierder as in 1-1 lykspul tsjin Excelsior; NAC Breda gie mei 2-1 ûnderút by FC Volendam.

Foto: Orange Pictures

Trainer Henk de Jong hat sa syn eigen ritueel om de konkurrinsje te folgjen. "Ik wist de rêststân wol en haw it dêrnei ek noch wat folge. Mar yn de slotfase bin ik der mei de hûn útgean. Doe krige ik telefoan fan myn soan Ruben en dy sei dat it goeie útslaggen binne. Mar it binne allinnich mar goeie útslaggen as wy sels winne moandei." It wie in aparte wike foar Cambuuur. Middenfjilder Robin Maulun rûn in behoarliek ankelblessuere op. In tebeksetter, sa fynt ek Henk de Jong: "Ja, Robin is al wiken goed dwaande. Dat is in tsjinfaller. Mar sa is it. Dan moat der wer in oar stean."

Yn de seleksje fan Cambuur binne der noch wat wat blessueres te melden. Issa Kallon en Mitchell Paulissen kinne noch net spylje. Jarchinio Antonia is der ek net. Hy spilet ynterlânwedstriden foar Kurasao. Dêr stiet tsjinoer dat Michael Breij wer werom is fan in blessuere. En der is in kâns dat hy yn de basis begjinne sil, want Jamie Jacobs is in twifelgefal. Henk de Jong sil dêroer letter in beslút nimme. De tsjinstanner fan Cambuur is FC Eindhoven, de nûmer sechtjin fan de Earste Divisie. Je soene sizze: de ideale tsjinstanner om it puntferlies fan de konkurrinsje te benutten. Henk de Jong: "Underskatte is net oan de oarder. Dat dogge we noait. Eindhoven prestearret wat minder op dit stuit, mar it is in alvetal dat wol fuotbalje wol."

Trainer Henk de Jong

Ek keeperstrainer Peter van der Vlag leit der in skoft út mei in blessuere oan de haksine. De lêste trainingen wie der gjin keeperstrainer. Hinderlik, sa seit Henk de Jong. "Ja, dat is ferfelend. Etiënne Stomp sil it oernimme mar hy is op dit stuit dwaande foar Kurasao. Ik sil mei Foeke Booy prate oer in tusken oplossing."

Kontrakten

Der wie de ôfrûne wike ek kontraktnijs by Cambuur. Ferdigener Alex Bangura ferlingde syn kontrakt mei twa jier. En dat die ek twadde keeper Pieter Bos. Ek hy kin twa jier langer bliuwe, mei noch in opsje foar in jier. Dêr sprekt fertrouwen út sa fynt de keeper út Bûtenpost. "Ja absolút. Ik bin no 24 jier. Ik moat eins wol 'vlieguren' meitsje. Mar oan de oare kant: as der safolle fertrouwen yn my útsprutsen wurdt, dan is dat moai. Ik bin hjir noch net útleard."

Neffens Bos hat der foar him gjin belangstelling fan oare klups west. "Ik haw dat ek net opsocht. Ik bin hjir twadde keeper en dus is de kâns om minuten te meitsjen ridlik tichteby. Ek yn de Earedivisie. Dus ik bin bliid dat de klup safolle fertrouwen yn my útsprutsen hat en dat ik hjir noch trije jier sitte kin."

Pieter Bos

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Eindhoven
(Advertinsje)
(Advertinsje)