FNP dwaande om regionale lûd oer fjouwer jier lûder hearre te litten

De FNP fiert petearen om oer fjouwer jier in lûder regionaal lûd hearre te litten by de Twadde Keamerferkiezingen. Dat fertelde Aant Jelle Soepboer, FNP-riedslid yn Noardeast-Fryslân snein by Omrop Fryslân yn it diskusjeprogramma Buro de Vries. Neffens de FNP klinkt it regionale lûd net genôch troch yn Den Haag.
Aant Jelle Soepboer fan de FNP © Omrop Fryslân
"Us regear is in rânestêdregear en mei de útslaggen fan de ferkiezingen fan ferline wike is it der net better op wurden", sa sei Soepboer. It wie no noch te betiid om lanlik ynfloed út te oefenjen, mar der binne petearen mei alderhande organisaasjes en politike saakkundigen om der oer fjouwer jier wol klear foar te wêzen.
Soepboer brûkte op Twitter de lêste tiid faak de hashtag #37partijenmarneattekiezen om oan te jaan dat gjin inkelde partij oansleat by syn tinkwize en opfettingen. De nije regionale wyn yn de lanlike polityk soe opkomme moatte foar mear regio's as allinne de Noardlike. Ek Limboarch en Seelân wurde derby belutsen.

"CDA net mear regiopartij"

Yn it diskusjeprogramma Buro de Vries gie Soepboer de konfrontaasje oan mei Rendert Algra (CDA) en Jacques Monasch (foarhinne PvdA). Algra brocht nei foaren dat it CDA altyd de partij foar de regio's wie, mar neffens Soepboer is dy tiid foarby. "Harry van der Molen, de Fryske kandidaat fan it CDA, behelle fierstente min foarkarsstimmen. Dêr sjochst oan dat it CDA net mear dy regiopartij is."
Nei ôfrin fan de útstjoering makken Soepboer en Monasch in ôfspraak om ris troch te praten. Monasch wie yn 2002 kampanjelieder foar de PvdA en hat in soad polityk-bestjoerlike ûnderfining.
Aant Jelle Soepboer yn Buro de Vries oer de regionale partij yn oprjochting