Wichtige ûntslutingsdyk yn Harns wiken ticht foar oanlis fytspaden

21 mrt 2021 - 11:50

De Spoorstraat yn Harns is mei yngong fan moandei foar mear as in moanne ôfsletten foar trochgeand ferkear. Dat is omdat dêr frijlizzende fytspaden oanlein wurde. De strjitte is in belangrike ûntslutingsrûte yn de havenstêd, boppedat stiet der in supermerk. Mei dêrom wurdt de strjitte yn twa fazen ôfsletten. Sa bliuwt de supermerk berikber.

Foto: Google Streetview

It wurk oan de Spoorstraat is in yngewikkelde puzel, seit de gemeente. Want yn de perioade dat der oan de fytspaden wurke wurdt, sil de supermerk ferbouwe. Boppedat moat der rekken mei hâlden wurde dat de strjitte net fier fan de seekearing en it spoar leit. En flakby, oan de Suderhaven, wurde op it stuit huzen boud.

De earste faze fan de wurksumheden duorret fan moandei 22 maart oant en mei sneon 10 april. Dan wurdt it eastlik diel fan de strjitte ôfsletten. Fan snein 11 oant tiisdei 27 april giet de westside ticht. Yn dizze twadde faze slút ek de supermerk de doarren foar de ferbouwing.

(Advertinsje)
(Advertinsje)