Ferkiezingsútslach Kring Fryslân wurdt moandei offisjeel bekend makke

21 mrt 2021 - 10:31

Yn it stedhûs fan Ljouwert wurdt moandei de útslach fan de Twadde Keamerferkiezings hjir yn Fryslân bekend makke. Dat bart op in iepenbiere sitting fan it haadstimburo.

Stedhûs Ljouwert - Foto: Google Streetview

De sitting is iepenbier, mar fanwege de coronamaatregels kin der mar beheind publyk yn de seal. As der gjin minsken mear by kinne yn de riedseal, kin fia in livestream meisjoen wurde yn in oare romte op it stedhûs.

De sitting is ek online te folgjen fia in livestream fan de gemeente Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)