Fertochte oanhâlden yn De Westereen foar drugshannel

20 mrt 2021 - 21:59

In 27-jierrige man út de gemeente Het Hogeland is sneontejûn oanhâlden yn De Westereen foar hannel yn ferdôvjende middels.

Foto: De Vries Media

De fertochte fersette him by syn oanhâlding yn in bedriuwspân oan de Foarstrjitte. De man is hjirby ferwûne rekke. In ambulânse moast komme om de fertochte te behanneljen.

De man is oerbrocht nei it plysjeburo. It is net bekend wat der oantroffen is yn it pân dêr't de man oanhâlden is.

Trefwurden: 
plysje drugs De Westereen
(Advertinsje)
(Advertinsje)