Ruten doarpshûs Gerkeskleaster-Strobos fernield

20 mrt 2021 - 21:47

It is net te leauwen, skriuwe de behearders fan doarpshûs Rehoboth yn Gerkeskleaster-Strobos op Facebook. "In deze coronatijd is het al zeer lastig om de boel draaiende te houden, en wat schetst onze verbazing?? Er bestaan dan ook nog mensen die het nodig vinden om ons Dorpshuis Rehoboth nog meer op kosten te jagen door de ruiten te vernielen."

Foto: Dorpshuis Gerkeskleaster

Nei alle gedachten binne de ruten ôfrûne woansdei as tongersdei fernield. Tsjûgen dy't wat sjoen as heard hawwe, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei it bestjoer fan it doarpshûs. Mochten de dieders spyt hawwe, dan meie se harren ek melde, sadat it netsjes oplost wurde kin. Sa seit it bestjoer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)