Aris ferliest ek tredde wedstriid yn Elite B

20 mrt 2021 - 21:40

Aris hat sneontejûn ek de tredde wedstriid yn de Elite B ferlern. Nei ferliezen tsjin Apollo en Yoast United, wiene ditkear wiene de basketballers fan Weert te sterk foar de Ljouwerter formaasje: 91-69.

Aris (argyffoto) - Foto: Orange Pictures

Aris makke oan it begjin fan de wedstriid de 0-1, mar dat wie fuort ek it lêste momint dat de Ljouwerters foar stiene. Weert wreide de foarsprong gau út en wûn it earste kwart mei 20-8.

Yn it twadde kwart rûn Aris earst wat yn, mar by it skoft wie de foarsprong fan Weert dochs wer grutter wurden: 44-25. Nei it skoft slagge it de Ljouwerters net mear om Weert by te heljen. Fia in stân fan 65-44 oan it ein fan it tredde kwart, waard it úteinlik 91-69.

Striid om de play-offs

Nei alve wedstriden yn de gewoane kompetysje is dy no opdield yn de Elite A en B, mei yn de Elite B de seis minste ploegen fan de kompetysje. Aris moat by de bêste twa ploegen fan dy Elite B einigje om mei te dwaan yn de play-offs. De Ljouwerters stean no fjirde, mei 10 punten efterstân op nûmer twa Weert. Der folgje noch sân wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)