'Follybaldier' Jan Rinksma nimt nei 60 jier ôfskied

Noch ien wedstriid en dan is it dien foar Jan Rinksma fan Hurdegaryp. Hy hâldt op mei it wurk dat er 60 jier lang dien hat foar it follybalbûn NeVoBo. Rinksma is 76 jier en fynt dat it moai west hat.
Jan Rinksma © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Doe't er sechtjin jier wie, klom er foar it earst op de skiedsrjochterstoel by in follybalwedstryd. As skiedsrjochter hearde er al gau by de top fan Nederlân en yn 1985 waard er ek ynternasjonaal skiedsrjochter. Dêr njonken wie er ek aktyf binnen it follybalbûn as oplieder en eksaminator fan skiedsrjochters.
Yn 2001 lei er it skiedsrjochtersfluitsje oan de kant en gie er fierder as sjuerylid. Sneontejûn waard er nei ôfrin fan de earedivyzjewedstryd VC Sneek - Sliedrecht Sport troch de NeVoBo yn it sintsje set. Hoewol't er noch ien wedstryd aktyf wêze sil as sjuerylid - by de bekerfinale fan de manlju yn de Martinihal yn Grins - woe Rinksma sels graach dat de formaliteiten om syn ôfskied hinne yn Snits plak fine soene. Hy is hikke en tein yn de stêd en beskôget de Snitser sporthal as syn thúshal.