LDODK ree foar play-offs nei lyts ferlies tsjin koprinner PKC

Yn de lêste wedstriid foardat de play-offs útein sette, spile LDODK yn Papendrecht tsjin koprinner PKC. Nei in spannende slotfase giene de punten nei de thúsploech mei 28-25. Dêrtroch wurdt LDODK fjirde yn groep A en spylje se yn de kwartfinale fan de play-offs tsjin de winner fan groep B: regearjend lânskampioen Fortuna út Delft.
© orange-pictures.nl
De Friezen koene yn de earste helte goed by bliuwe. PKC naam hieltyd in foarsprong, mar LDODK liet it gat nea grutter wurde as twa ferskil. Op de stân 7-5 soarge Ran Faber út in prachtige kombinaasje mei Erwin Zwart wer foar oansluting. By PKC wie ynternasjonal Olav van Wijngaarden op dreef. Hy makke in formidabele ynrinbal en soarge foar 12-10. It lêste wurd flak foar it skoft wie lykwols wer foar útblinker Ran Faber fan LDODK. Mei syn fjirde treffer sette it 18-jierrige talint fiif tellen foar de ein de 13-13 op it boerd.

Spannende slotfase

Yn de twadde helte liet PKC sjen wêrom't se sûnder puntferlies boppe oan steane. Benammen de froulju skeatten mei skerp: ynfalster Sanne van der Werf soarge mei har fjirde treffer foar 26-20. Mar LDODK kaam fia ynfaller Christian Dekkers (2x), Ran Faber en Marloes Frieswijk wer ta 26-25. Doe't flak foar tiid Erwin Zwart gjin strafworp mei krige, mar wol in griene kaart (5 minuten der út) fanwege ôfreagearjen op de lieding wie it oer mei de come-back. Einstân 28-25.
Topskoarders by LDODK wiene Ran Faber (6), Erwin Zwart (5) en Marloes Frieswijk (4). Trainer Henk Jan Mulder, wie nei ôfrin fan de wedstriid tefreden oer it spul fan syn ploech: "Ik fyn dat wy it oer de hele liny goed dien hawwe." Dochs binne der neffens him noch punten dêr't de kommende dagen oan wurke wurde moatte: "Der binne wol wat foutsjes yn de passings en de skotkeuzes. Mar as wy dat woansdei fine-tune dan sjoch ik wol mooglikheden yn de play-offs."

Play-offs bekend

Troch dizze útslach wurd LDODK fjirde yn groep A. Dat betsjut dat se yn de kwartfinale spylje tsjin de nûmer 1 fan groep B, en dat is Fortuna út Delft. De kwartfinale is in beste-fan-trije searje, wêrby't it heechst einige team thúsfoardiel hat. Op woansdei 24 maart is it earste duel yn Delft (19.30 oere), sneon 27 maart spilet LDODK thús op'e Gordyk (17.30 oere). By in lykense stân folget dan het allesbeslissende tredde duel op tiisdei 30 maart yn Delft.
Trainer Henk Jan Mulder fan LDODK

Einstân Kuorbal League groep A

STAN DUELS PUNTEN
1. PKC 10 20
2. KZ 10 12
3. Blauw Wit (A) 10 11
4. LDODK 10 9
5. Groen Geel 10 6
6. Oost-Arnhem 10 2