Kampioenskip fier fuort foar VC Snits nei ferlies tsjin Sliedrecht

20 mrt 2021 - 18:05

VC Snits hat sneontemiddei mei 3-2 ferlern fan Sliedrecht Sport. De follybalsters spilen yn eigen hûs sterk tsjin de nûmer twa fan de kampioenspûl, mar in oerwinning siet der net yn. De Snitsers kinne de kampioenswedstriid noch helje, mar moatte no alles winne én binne ôfhinklik fan de resultaten fan Sliedrecht.

VC Snits (argyffoto) - Foto: Orange Pictures

Krekt lykas yn de earste wedstriid tsjin Sliedrecht spile Snits goed. Dêr't de Snitsers doe alle sets ferlearen, lieten se dat sneon net barre. De earste set waard fuort mei 25-23 wûn. Yn de twadde set wiene de Snitser opnij sterk en se kamen al gau op foarsprong. Sliedrecht kaam lykwols werom yn de wedstriid en wûn de set mei 19-25.

De besikers waarden hieltyd sterker en kamen op in flinke foarsprong, mar de Snitsers kamen tsjin de ein fan de tredde set hieltyd tichterby. Mei 21-25 gie de set lykwols dochs nei Sliedrecht.

It ferskil tusken de ploegen bleau yn de fjirde set lyts en Snits koe mei 25-22 in ferlies mar krekt foarkomme. De Snitsers hâlden it yn de beslissende fiifde set lykwols net lang fol en giene mei 15-7 ûnderút.

Kampioenspûl liket oer

Nei fjouwer wedstriden hat Snits fjouwer punten helle yn de kampioenspûl. Om mei te dwaan om it kampioenskip moatte de Snitsers by de bêste twa einigje.

De seis punten efterstân op nûmer twa Sliedrecht is yn teory noch yn te heljen, mar dan moatte de Snitsers de wedstriden tsjin Regio Zwolle en Apollo yn alle gefallen winne. Sliedrecht, dat ek noch in wedstriid tegoede hat, moat alles ferlieze.

Jeffrey Scharbaai

Geartsje de Vries praat nei mei Jeffrey Scharbaai

De stân yn de kampioenspûl

Ploech Wedstriden Punten Sets
1. Apollo 3 12 9-1
2. Sliedrecht 3 10 9-3
3. VC Snits 4 4 6-11
4. Regio Zwolle 4 1 3-12
(Advertinsje)
(Advertinsje)