FIDEO: Kletterdei lit alle alve stedsfonteinen wer spuitsje

20 mrt 2021 - 17:31

Yn de alve stêden fan Fryslân binne sneon de fonteinen wer oanset. Winterdeis spuitsje se net, mar de rest fan it jier wol. En fan dat earste momint wurdt in spesjaal evenemint makke, Kletterdei. Mar dat koe dit kear net grut opset wurde, fanwege de coronamaatregels. De fonteinen binne der trije jier lyn kaam yn it Kulturele Haadstêdjier. Se binne spesjaal foar dy gelegenheid ûntwurpen en makke.

Kletterdei

(Advertinsje)
(Advertinsje)