Skûtsjeleafhawwers yn aksje foar behâld beweechbere brêge Eastermar

20 mrt 2021 - 16:33

De stichting Freonen fan it skûtsje de Rot komt yn aksje om de beweechbere brêge yn Eastermar te behâlden.

Foto: Google Street View

De gemeente Tytsjerksteradiel moat ynkoarten in beslút nimme oer de mooglike ferfanging fan de brêge. Ien fan de opsjes is om der in fêste brêge foar werom komme te litten. Dat soe betsjutte dat it skûtsje de Rot gjin syltochten mear meitsje kin fan De Rottefalle oer de Leijen nei Eastermar en de Burgumermar.

De Rot fart geregeld mei gasten oan board. Dat soe mei in fêste brêge allinne noch mar op de Leijen kinne en net mear fierder. De stichting krijt stipe by syn aksje fan Doarpsbelang de Rottefalle en Wettersportferiening De Leijen.

Trefwurden: 
brêge Eastermar
(Advertinsje)
(Advertinsje)