RIVM: Gjin nije stjergefallen en sikehûsopnames, wol 244 nije besmettingen

20 mrt 2021 - 15:42

It RIVM meldt sneon 244 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der acht mear as freed. Doe wienen der 236 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (48), dêrnei folgje Ljouwert (33) en De Fryske Marren (29).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin sikehûsopnamen west yn Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 7668 nije coronagevallen registrearre. It lanlike gemiddelde fan de ôfrûne wike is 6227.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)