Sikke Heerschop jout bysûnder kado oan Skûtsjemuseum

"Wat moatte je yn de goedichheid mei twa skûtsjes?", dat wie de fraach dy't de lêste tiden libbe yn de skûtsjewrâld. Skipper Sikke Heerschop kocht, neist syn eigen skûtsje, nammentlik noch in twadde. Mar no docht bliken wêrom: hy donearret it oan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld.
Heerschop donearre it griene skûtsje oan it museum © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
"Ik wie al in pear kear by it museum west en ik tocht: hjir leit net iens in skûtsje. Der leit in replika, mar in izeren skûtsje leit der net. Ik tocht, dêr moatte we wat op fine", leit Heerschop út. Mei de donaasje wol er it museum stypje, seit er. "Se dogge sok geweldich moai wurk, dat moatte je stypje. Dat doch ik op dizze wize."
De oplossing kaam doe't in bekende syn skûtsje kwyt woe. "Hy woe net dat er sloopt waard of dat it in rekreaasjeskip wurde soe, dan wurdt it lestich." Mar Heerschop hie dus in moai alternatyf: "Omdat er my earder holpen hie tocht ik, dan losse we twa dingen op. Hy fan syn skip ôf, en it museum in skûtsje."

'Wat moatte wy dermei?'

It museum wist earst net wat se der mei oan moasten, seit Sietse Bruinsma. "Doe't we it foar it earst hearden tochten wy, wat moatte wy mei in skûtsje? Mar doe't it efkes sakke wie seine wy: dit is in prachtich museumstik, en sa wolle wy it ek brûke."
Bruinsma is wiis dat der neist de Aebelina no ek in écht skûtsje by it museum komt. "Wy ha it iennichste houten skûtsje yn de wrâld, dat wy hjir boud ha. Mar in echte hiene wy net. No ha wy ús eigen skûtsje, prachtich!"
Sikke Heerschop jout bysûnder kado oan Skûtsjemuseum
Ferslachjouwer Wytse Vellinga by it Skûtsjemuseum