Avondvierdaagse fan Ljouwert giet dit jier troch

20 mrt 2021 - 15:02

De Avondvierdaagse yn Ljouwert giet dit jier nettsjinsteande de coronamaatregels dochs troch, mar wol op in oanpaste wize.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De stichting Avondvierdaagse Leeuwarden organisearret tegearre mei de Koninklijke Wandel Bond Nederland de tocht. Dit jier sil der gebrûk makke wurde fan e-rûtes om sa ta in corona-proof kuierfjouwerdaagse te kommen.

Dielnimmers kinne mei in spesjale App har eigen rûtes op har eigen momint rinne. Op dy manier wurdt drokte en groepsfoarming foarkaam, is de gedachte. Elk krijt nei ôfrin gewoan in offisjele medalje. De foarm fan de Avondvierdaagse is te fergelykjen mei de alternative fytsalvestêdetocht dy't dit jier organisearre wurdt. Ek dy organisaasje set yn op apps en it folbringen fan de tocht yn eigen tiid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)