HEA! De golfambysjes fan Hugo

20 mrt 2021 - 14:31

De tolvejierrige Hugo Veenstra fan Snits spilet noch net in jier golf, mar is wol tige ambisjeus. Trije kear yn 'e wike oefenet hy syn ôfslach op it sportterrein ticht by hûs en hy is ek al lid fan in golfklup. Hugo wol nammentlik meidwaan oan it famyljetoernoai 'De Veenstra Masters' en dêr elk in poepke rûke litte. Want net de wrâldferneamde golfer Tiger Woods is syn foarbyld, mar syn muoike dy't it ek hiel goed kin.

HEA! Golfjonkje Hugo

Trefwurden: 
Snits Hea! golf
(Advertinsje)
(Advertinsje)