Wetterfytsalvestêdetocht ferskood nei takom jier fanwege coronamaatregels

Stichting Team Wybe hat de wetterfytsalvestêdetocht mei in jier útsteld. De tocht fan 200 kilometer stie foar kommend pinksterwykein yn maaie op it programma, mar neffens Team Wybe is it net helber fanwege de coronamaatregels.
© Team Wybe
By it evenemint binne mear as 75 persoanen belutsen om de freonegroep by te stean, dy't de tocht ôflizze wol mei har eigen unike wetterfyts. Se dogge dat om jild yn te sammeljen foar kankerûndersyk.
De wetterfytsalvestêdetocht wurdt no yn it pinksterwykein fan 2022 hâlden.
Douwe de Vries fan Team Wybe