Taslagge-affêre net klear: "In hiel soad dupearden sitte noch altyd yn 'e shit"
De affêre mei de berne-opfangtaslach is noch altiten net ôfhannele, ek al liket it derop as soe dat wol sa wêze. Earst kaam der in snoeihurd rapport 'Ongekend Onrecht' en doe folgen fan alle kanten ekskuzen, stapte it kabinet op, en waarden royale en romhertige oplossingen tasein. Mar is it wol klear en goed regele? Dat is noch mar de fraach, seit ien fan de Fryske slachtoffers, Anoeska de Vries fan Garyp.
Buro de Vries socht kontakt mei De Vries om te sjen wat der no eins konkreet bart, en wat der lizzen bliuwt. "Der is ús in protte beloofd", fertelt se. "Dingen wurde noch net neikaam en dat makket it eins noch hieltyd wol dreech foar in hiel soad dupearden."
De Vries is it fertrouwen yn de oerheid en de polityk kwytrekke. Der moat neffens har noch in soad barre. "It is in rommeltsje."
Se sit no yn in wurkgroep foar lotgenoaten, dy't de dupearden en gemeenten gearbringe wol, om te sjen hoe't de kwestje fierder oanpakt wurde kin. "Dit moat ûnder de oandacht bliuwe. It liket oft mei dy regeling fan 30.000 euro in hiel protte dupearden holpen binne, mar in hiel soad sitte eins noch altyd yn 'e shit."
It radioprogramma Buro de Vries wurdt alle sneinen útstjoerd fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûns kinst it programma nochris beharkje om 21.00 oere.