Boargemaster Schokker fan Flylân oan toeristen: "Hâld jim oan de coronaregels"

It falt net ta om op in eilân as Flylân de coronamaatregels te hanthavenjen. Dat seit boargemaster Tineke Schokker fan it eilân. Se doelt dêrmei op guon toeristen dy't har net oan de maatregels hâlde wolle. De minsken tinke dat dat net nedich is, omdat der op it eilân kwealik sprake is fan corona.
De fearboatterminal op Flylân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Sa binne der famyljes dy't mei syn allen de supermerk yn wolle. De plysje dielt foaral warskôgingen út. Neffens Schokker lûkt Flylân op it heden ek nije groepen toeristen. Dat binne minsken dy't net nei it bûtenlân kinne en dan no foar it eilân kieze, mar dan net echt foar de rêst en de natuer.
Op it stuit falt it ta mei de coronagefallen op Flylân en dat wol Schokker graach sa hâlde. "De toeristen komme oeral wei en dy kinne it ek meibringe. It is foar elkenien fan belang dat wy ús allegear oan de rjochtlinen hâlde." Neffens de eilanner boargemaster lykje toeristen te tinken dat it coronafirus efterbliuwt op it fêstelân.

Grutte mûle

Boa's krije fan toeristen dy't se oansprekke somtiden in grutte mûle werom, fertelt Schokker. Ferline simmer makke Flylân fan de Doarpsstrjitte al ienrjochtingsferkear, mocht der net fytst wurde en waarden der hosts ynset om minsken freonlik te wizen op de maatregels. "No, dy krigen bytiden ek fan alles oer harren hinne", seit Schokker. "En dat is fansels net leuk, as je soks wurk dogge."
Yn drokke wiken krijt Flylân in pear ekstra minsken by de boa's en plysje. Schokker is dêr tige wiis mei, mar "dêr binne we wol fan ôfhinklik".

Fytsfrij

Foar kommende simmer is de gemeente yn petear mei de ûndernimmers oer hoe't de Doarpsstrjitte sa goed mooglik ynrjochte wurde kin. Mooglik bliuwt de strjitte ferbean terrein foar fytsers. "Dat hat de measte minsken bêst foldien", seit Schokker. "We binne op alle mooglike manieren oan it sjen hoe't we dy Doarpsstrjitte sawiesa, los fan corona, sa oantreklik mooglik meitsje kinne."
Boargemaster Tineke Schokker fan Flylân