Omrop TIP: Fryslân DOK oer it doarp fan de takomst

20 mrt 2021 - 09:53

Yn de searje Beklimmers fan it flakke lân siket Fryslân DOK nei inisjativen op lokaal, lytsskalich nivo, mar basearre op grutte ideeën en idealen. Nei eardere ôfleveringen oer lânskip, natuer, lânbou en sûnens, giet it yn ôflevering 5 oer it doarp fan de takomst. Dit wykein op TV by NPO2 en Omrop Fryslân.

De krêft fan it doarp

Ryksboumaster Floris Alkemade is derfan oertsjûge dat it plattelân in wichtige rol spilet yn fernijing, by krúsjale tema's as enerzjy, lânbou, ynfrastruktuer en it ynrjochtsjen fan de iepenbiere romte. Alkemade leaut yn de krêft fan doarpen. Hy neamt se ideale leefmienskippen, dêr't minsken yn lytse ferbannen elkoar stypje en rekken hâlde mei inoars belangen.

Floris Alkemade, rijksbouwmeester - Foto: Omrop Fryslân

Feanwâlden en it doarp fan de takomst

In doarp dat hurd oan 'e gong is mei fersterking en fernijing is Feanwâlden. Troch de oanlis fan de Sintrale As waard de dyk dy't dwers troch it doarp rûn oerstallich. Op it frijkommen terrein komt gjin oare dyk en ek gjin huzen, mar in parkeftich transfearium, dêr't reizgje, rekreëarje en flekswurkje mei elkoar ferbûn wurde.

Feanwâlden wurket dêrby gear mei arsjitekteburo Karres en Brands, dat yn Denemarken mei-ûntwerper is fan 'it doarp fan de takomst': in hiel nij boud doarp dat foldocht oan alle moderne ynsichten fan kwaliteit fan libjen yn in doarp.

Detail plan Feanwâlden - Foto: Omrop Fryslân

Inisjatyfkunde

Mar gean as doarp foaral net sitten te wachtsjen op in grut plan fan bûten of in leuk inisjatyf fan in ambisjeuze wethâlder; doch it sels. Dat seit Jaap Koen Bijma, propagator fan it begryp 'inisjatyfkunde'. Bijma helpt doarpen om sels inisjativen te nimmen en derfoar te soargjen dat se ek útfierd wurde kinne.

Jaap Koen Bijma - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK Beklimmers fan it flakke lân - diel 5 'It doarp fan de takomst'

  • Sneon 20 maart, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 21 maart 13.10 oere)
  • Snein 21 maart,17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
(Advertinsje)
(Advertinsje)