Fotograaf Arie Bruinsma fan Sint-Nyk lit him net ferslaan troch tsjinslaggen

20 mrt 2021 - 09:30

Fotograaf Arie Bruinsma fan Sint-Nyk set him fol yn foar syn nije projekt It gesicht fan Fryslân. Nei in harsenynfarkt yn 2018 en in lange perioade fan werstel is hy werom en giet hy op syk nei dé Fries. Bruinsma portrettearret 111 bekende en ûnbekende Friezen. Hy giet dêrby op syk nei harren bân mei it Fryske lân. "De Friezen binne hiele gelokkige minsken, wylst se eins lanlik it minst te besteden hawwe. Dan bin ik sa benijd wat se sa gelokkich makket", fertelt Bruinsma.

Fotograaf Arie Bruinsma

Efter op it hiem fan Henny Borst-Bok set Bruinsma de ferljochting foar de fotoshoot klear. Hy sil Borst-Bok portrettearje foar syn nije projekt It gesicht fan Fryslân. Borst-Bok wurket by Wetterskip Fryslân en bestriidt eksoaten. "It is in hiele eare", fertelt se. "Ik fielde my earst net hiel bot oansprutsen om dêrfoar op de foto te gean. Foar Arie dochst it fansels wol. Hy ferbûn it wurd legacy deroan en dat hat dochs wol in hiele lading, want bin ik dêr dan geskikt foar?", freget sy har ôf. "It is hiel bysûnder wat hy docht".

111 foto's fan Friezen

Borst-Bok is ien fan de 111 Friezen dy't Bruinsma op de foto set. Yn it rychje steane ek bekende Friezen lykas Foppe de Haan, Wiebe Wieling en Simone Scheffer. Bruinsma krige ferline jier yn de simmer it idee om Friezen te portrettearjen. "Ik bin sels in Fries en ik kin sels hiel bot genietsje as ik yn Fryslân omrin. As ik in Frysk hynder sjoch, dan fiel ik my grutsk."

Wat makket in Fries in Fries?

Bruinsma freget him ôf wat in Fries in Fries makket. "Ik haw in broer yn Flevolân wenjen, mar dy fielt him in Fries. Hoe kin dat? Wat is der sa bysûnder oan Fryslân, dat minsken bynt?" Yn It gesicht fan Fryslân besiket Bruinsma fêst te lizzen wat Friezen ta Friezen makket. De foto's wurde oanfolle mei tekst fan syn frou Cynthia. Sy sil as skriuwer op syk nei de driuwfearren efter de ferhalen fan de Friezen.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Bruinsma is bekend fan syn projekten Red en Baardmannen, wêrby't hy minksen mei read hier en mannen mei burden fotografearre. Yn 2018 kaam Bruinsma syn libben op 'e kop te stean, doe't hy in harsenynfarkt krige. Nei in swiere tiid fan werstel en refalidaasje yn it UMCG en yn Beetstersweach set hy him no wer fol yn foar de fotografy. Mei it projekt It gesicht fan Fryslân wol Bruinsma sjen litte dat hy werom is.

Kop derfoar

"It wiene drege jierren. Om eltse dei wer út bêd te kommen. Om eltse dei te sizzen 'kop derfoar'. Yn Grins hat hy besletten dat hy alles op alles set op better te wurden. "Dat is knap slagge. Ik rin wer, ik kin wer in foto meitsje. Dêr wurd ik gelokkich fan".

Fan de portretten wurdt in boek makke. It boek It gesicht fan Fryslân komt út op 22 febrewaris 2022. Alve persint fan de opbringst giet nei it FoppeFonds en ek giet der alve persint nei KiKa.

Arie Bruinsma en Henny Borst-Bok

(Advertinsje)
(Advertinsje)