Kollum: "Renske Leijten en Pieter Omtzigt harren gelyk, dat se net krigen"

20 mrt 2021 - 08:40

"Tongersdeitemoarn nei de ferkiezings lei ik om acht oere moarns mei de mûle wiid iepen yn de behannelstoel fan de mondhygiëniste. Ik wit net oft dêr in goed Frysk wurd foar is. Mar it jout jo tiid om te tinken, as de dame dwaande is om jo gebit frij te meitsjen fan de restanten fan al dy liters sterke kofje dy't je opdronken ha om de krisis yn bytsje draachlik te meitsjen.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

It wie ek wol symboalysk, doe't ik njoggen oere de jûns fan te foaren nei de earste exit-poll seach, foel my de mûle ek wiid iepen. Net iens oer de 4 as 5 sitten winst fan D66, want mei safolle reklamejild dat se krigen út Amearika, fyn ik dy 4 as 5 sitten eins noch mar beskieden.

De randstedelijke partijen ha it dizze kear wûn, it plattelân kin him opmeitsje foar fjouwer jier poermin hjerstwaar mei as doel dat de provinsjes as win-gewesten ynrjochte wurde en grutte happen boerelân beboud wurde sille. Mei as ultime skrikbyld dat anty-boer Tjeerd de Groot as beul fungearje kin as minister fan Lânbou. Lokkich is de BoerBurgerBeweging ek yn de Keamer kaam, dy kin dan yn elts gefal de goede data oer de agraryske wrâld oanleverje. Ik ferwachtsje dat Caroline van der Plas har as in terriër fêstbite sil yn dy matearje.

Nee, de mûle foel my oer oare dingen iepen. Bygelyks dat de Nederlanners earlike polityk net belangryk fine. No kinne der in soad minsken begjinne te protteljen, mar de útslach liicht net. Ien fan de grutste skandalen nei de oarloch, de taslagge-affêre, is mei in hiele soad muoite en trochsettingsfermogen boppe tafel helle troch Renske Leijten en Pieter Omtzigt. Dy binne fan de SP en it CDA.

De beide politisy dienen it wurk dêr't se foar yn de Twadde Keamer sitte, nammentlik de regearing kontrolearje. Se binne jierrenlang tsjinwurke, foarliichd en it is dat se safolle kriich yn harren donder hienen, oars wie de almachtige oerheid der ek noch mei weikaam. It kabinet is der nota bene troch fallen, mar it effekt dêrfan is allinnich by it regearingspartij CDA te sjen. De VVD hat der hielendal gjin lêst fan hân. De SP is as beleanning de helte lytser wurden. Ik kin dêr wat de SP oanbelanget mei myn ferstân net by, je kinne it net mei harren iens wêze, dit hienen se net fertsjinne.

By it CDA leit dat krekt wat oars. Pieter Omtzigt is troch op syn minst frijwat dubieuze ferkiezings troch Hugo de Jonge nei it twadde plan treaun. Jo witte it noch wol, Omtzigt syn frou krige in mail dêr't se yn betanke waard omdat se op Hugo de Jonge stimd hie. Soks bliuwt hingjen. As demisjonêr minister De Jonge dan ek nochris oanjaan moat dat er de rol fan listlûker net langer kombinearje kin mei syn drokte om de coronakrisis hinne (op himsels begryplik en gjin skande) like de wei frij foar Omtzigt.

Mar by it establishment fan de partij hearske de eangst dat Mark Rutte dan om it CDA hinne gean soe by in mooglike formaasje. Rutte is troch Omtzigt foar in tsjûgebankje helle en dat ferjout de VVD him nea wer. Dus moast it CDA him wer yn nuvere bochten wringe om Wopke Hoekstra op it skyld te hysjen, wylst dy krekt sein hie dat er it net woe.

Foar de twadde kear waard Omtzigt passearre. De man dy't de gunfaktor fan de minsken hat, sjoch mar nei it oantal foarkarstimmen dat er krigen hat, fierde dêrnei in parallelle kampanje en dat hat it CDA fernaam troch in oantal sitten ferlies. De hurde CDA-kearn, wêrfan't boargemaster Buma fan Ljouwert der ien is, mei him wolris efter de earen klauwe oer harren strategy.

Fjouwer jier yn it strafbankje fan de opposysje soe foar de measte partijen it logyske gefolch wêze, wie it net dat Mark Rutte it prima mei Wopke Hoekstra fine kin. It CDA soe samar wer yn de regearing komme kinne, mar mei Omtzigt hienen se de lytste helte mear sitten en dus ynfloed hân. Dy ynfloed op harren stokhynderkes lykas lânbou ha se no oan D66 jûn. Omdat de earlike polityk fan Pieter Omtzigt net beleanne wurden is. De bek soe je der fan iepen falle."

(Advertinsje)
(Advertinsje)