WEROMBLIK: De jierrenlange striid tsjin swalkôffal

20 mrt 2021 - 07:35

Elk kent it probleem fan swalkôffal yn strúkjes, plantsoenen en bermen, mar ek yn natuergebieten en bosken. In probleem dat guon minsken noch mear opfoel, doe't yn coronatiid ek mûlkapkes begûnen om te slingerjen. Al jierren besykje frijwilligers mei gripers en pûden it miljeu skjin te hâlden, mar harren tal hat noch nea sa grut west as it ôfrûne jier. By in blokje om wat ôffal oprêde, naam yn coronatiid in grutte flecht. Sneon is foar de njoggentjinde kear de Lanlike Opskjindei, mar ek yn eardere jierren wiene der himmelaksjes dêr't Omrop Fryslân ferslach fan die.

Yn in berneprogramma fan Omrop Fryslân út 1997 stjitte Sybe Satellyt mei syn 'scoop' op in grutte skjinmakaksje fan skoalbern yn Tytsjerksteradiel:

Sjoch hjir de folsleine ôflevering fan Sybe Satellyt fan 11 april 1997.

Skoalbern

Gauris wurde bern ynset by himmelaksjes. Fansels giet it net allinnich om de ekstra hantsjes by it oprêden fan swalkôffal, mar benammen om it bewust wurden dat it miljeu skjin bliuwe moat.

Ek yn 1997 fûnen de bern fan basisskoalle De Weide yn de Ljouwerter wyk Aldlân al in soad papier en blikjes:

Yn 2006 folge Omrop Fryslân de bern fan De Tjongeling yn Aldeberkeap by harren skjinmakaksje:

Bysûndere fynsten

It is net allinnich lyts ferpakkingsmateriaal dat yn de natuer omswalket. Yn de Kúnderbosk waarden de frjemdste saken oantroffen.

Boskwachter Bergsma fertelde yn 2019 oan Omrop Fryslân wat er allegear wol net tsjinkommen wie:

Laura en Nikki fan basisskoalle De Flecht yn Lippenhuzen neamden yn 2014 op wat se allegear fûn hiene:

Lânbouplastic

Yn 1999 waard op de sân fêstigingen fan it AOC Friesland, dat doe it agrarysk fuortset ûnderwiis fersoarge, in himmeldei op tou set. Yn Bûtenpost sammelen de learlingen smoargens, yn Hearrenfean brochten se in besite oan ôffalferwurkingsbedriuw De Wierde en yn Snits wie it tema 'plastic'.

De Snitser AOC-learlingen holpen yn 1999 de boeren fan it brûkte kuilbulteplastic ôf:

Besjoch ek dizze ôflevering fan it programma Sadwaande oer swalkôffal op Weromrop.

Sjoch foar mear oer de Lanlike Opskjindei op supportervanschoon.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)