Trije moannen sel easke tsjin appende frachtweinsjauffeur op Ofslútdyk

19 mrt 2021 - 22:14

It ferstjoeren fan in app is neffens it iepenbier ministearje de oarsaak fan in ûngelok op de Ofslútdyk yn april 2019. De app waard ferstjoerd troch in 23-jierrige frachtweinsjauffeur út Boalsert, dy't flak dêrnei efter op in auto ried. De twa minsken yn dy auto sieten rekken dêrtroch swier ferwûne.

Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It iepenbier ministearje fynt dat de sjauffeur trije moannen de sel yn moat fanwege it feroarsaakjen fan it ûngelok, boppedat soe er syn rydbewiis foar in healjier ynleverje moatte. Neffens de sjauffeur foege de auto ynienen flak foar him yn en koe er dy net mear ûntwike, neffens tsjûgen ried de auto al langer foar him. De rjochter docht begjin april útspraak.

De truck ried mei sa'n 85 kilometer it oere op in stadich ridende file ôf. De offisier fan justysje fûn dat de sjauffeur tige 'onvoorzichtig en onoplettend' west hat. De fertochte hat al earder foar de plysje komme moatten fanwegen syn rydgedrach.

Trefwurden: 
ûngelok Ofslútdyk rjochter
(Advertinsje)
(Advertinsje)