Plysje pakt twa nachtbrakers yn Balk op: hoarnûlen as húsdier holden

19 mrt 2021 - 22:05

De plysje hat yn Balk twa hoarnûlen yn beslach naam. De fûgels waarden as húsdier holden, wylst dat ferbean is om't it om beskerme bisten giet. De ûlen binne oerbrocht nei in opfangsintrum mei as doel dat se úteinlik wer frijlitten wurde. Tsjin de eigener is proses ferbaal opmakke.

Foto: Politie De Fryske Marren

"Ransuilen zijn beschermde dieren en horen thuis in de natuur en niet in een woning," skriuwt de plysje fan De Fryske Marren. Mochten minsken sjoen hawwe dat oaren beskerme bisten finzen hâlde, dan kinne sy kontakt opnimme mei de Dierenpolitie.

Trefwurden: 
plysje Balk ûle hoarnûlen
(Advertinsje)
(Advertinsje)