Grutte kânsen wiene der net in soad foar SC Hearrenfean: 0-0 tsjin FC Twente

19 mrt 2021 - 21:55

De wedstriid tusken SC Hearrenfean tsjin FC Twente einige yn in lykspul: 0-0. Foar SC Hearrenfean stie der in soad op it spul, om't de spilers by in oerwinning noch yn de race bliuwe soene foar plak acht en Europeesk fuotbal. It wie om 'e nocht, want in oerwinning siet der net yn. De spilers fan Johnny Jansen hiene balbesit, mar kamen net in soad foar it doel fan FC Twente.

Ramiz Zerrouki en Joey Veerman - Foto: Orange Pictures

SC Hearrenfean begûn oan de wedstriid sûnder ferdigener Ibrahim Dresevic en oanfaller Henk Veerman. Dy lêste wie fanwegen in bysûndere reden net by de wedstriid, want Veerman syn frou stie op it punt om in berntsje te krijen.

De oare Veerman, Joey, mocht de bal ôftraapje. De earste kânsen wiene foar FC Twente: sa krige ferdigener Dario Dumi in kâns om de bol yn te koppen by in korner, mar de bal gie net binnen. Ek in skot fan Bosch gie rom oer. De spilers fan trainer Ron Jans dielden pleachstjitten út en kamen sa no en dan gefaarlik troch.

Balbesit foar Hearrenfean, kânsen foar Twente

Hearrenfean die it reedlik as it om it balbesit gie, mar de kânsen wiene foar de Tukkers. De foarige kear dat beide ploegen tsjin inoar spilen einige it spul yn 0-0. Ek dizze wedstriid blau it earste healoere aardich yn lykwicht.

It die nei in lyts healoere wol bliken dat FC Twente gefaarlik wie. In grutte kâns kaam der foar Narsingh. Van Hecke krige de bal oanspile en stie frij, mar ferlear de bal oan Menig, dy't it wer trochspile oan Narsingh. It kaam noch mar krekt goed foar SC Hearrenfean, in hurd skot fleach njonken it doel fan Mulder.

Trije kertier nei it begjin fan de wedstriid kaam der wat blessueretiid by: der waard der in foarset jûn, dy't by Siem de Jong terjochte kaam. De Jong woe úthelje, mar rekke Oosterwolde. Krekt foar it skoft moat middenfjildkontroleur Wout Brama - ek fanwegen in blessuere - it fjild ferlitte. Godfried Roemeratoe is syn ferfanger by FC Twente.

De ploegen giene de rêst yn mei 0-0. It balbesit foar de Feansters wie der wol, mar sy kamen amper foar de goal fan Twente.

Foto: Orange Pictures

Twadde helte

Nei in goed oere folge pas de earste echte kâns foar SC Hearrenfean troch Siem de Jong. De bal waard oer de lêste liny hinne leppele, De Jong bruts troch en helle hurd út, mar de bal gie ek rjocht op doelman Drommel fan FC Twente ôf. Dy skrikte, mar koe de bal wol parearje. Oan de oare kant krigen Jesse Bosch en Luka Ilic mooglikheden foar in treffer.

Frustraasje

Ek yn de twadde helte gie it net like goed foar Hearrenfean: Pawel Bochniewicz krige in giel kaart, om't er Narsingh ûnderút helle. In frustrearre trainer Johnny Jansen raasde Sherel Floranus werom nei de rjochterkant fan it fjild, dêr't de boel iepen lei nei't Floranus nei foaren ta fleach. Net folle letter wiksele Jansen trije spilers yn ien kear: Kaib, Halilovic en Nygren ferlieten it fjild. Dêr kamen Woudenberg, Hajal, Van der Heide foar yn it plak.

Oan de ein fan de wedstriid folgen in frije traap en dêrnei in korner fan FC Twente. Dumic kopte de bal lykwols oer de goal fan Mulder hinne. Oarsom mislearre in kâns foar Hearrenfean troch in slappe foarset fan Floranus.

By Twente kaam yn stee fan Bosch Nathangelo Markelo it fjild yn. Joey Veerman waard it slachtoffer fan de ynfaller: Markelo kaam op de ankel fan Veerman terjochte. De Twentenaren krigen noch in grutte kâns, mar de bal kaam op de latte telâne. Ek yn de lêste minuten krigen de Feansters gjin kâns mear. It waard 0-0.

Opstellingen oan it begjin fan de wedstriid:

SC Hearrenfean: Mulder, Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Kaib, Schöne, Halilovic, J. Veerman, De Jong, Nygren en Van Bergen.

FC Twente: Drommel, Brama, Ilic, Menig, Pierie, Oosterwolde, Zerrouki, Ebuehi, Narsingh, Bosch, Dumic

(Advertinsje)
(Advertinsje)