Lauswolt wol 2007 oerdwaan en nûget Rutte út foar kabinetsformaasje

19 mrt 2021 - 21:15

Landgoed Lauswolt hopet dat Mark Rutte it bûten yn Beetstersweach net ferjit by de formaasje fan it nije kabinet. Op sosjale media hat it bûten in útnûging pleatst foar de politike ûnderhannelers. Yn 2007 makke Jan Peter Balkenende ek gebrûk fan de lokaasje: de premier fan doe joech letter oan dat de basis foar de kabinetsformaasje lein wie yn Beetstersweach.

Foto: ANP

Yn 2007 wiene it ynformateur Herman Wijffels, Wouter Bos (PvdA) en André Rouvoet (CU) dy't yn de Wâlden mei Balkenende (CDA) ûnderhannelen. Wijffels koe de lokaasje al. Sy besochten doe de lokaasje geheim te hâlden, mar op de earste dei lekte it al út. Der spûken tsientallen sjoernalisten om Lauswolt hinne.

"Van harte gefeliciteerd met deze mooie overwinning," skriuwt Lauswolt no oan Rutte op sosjale media. "Wist u dat uw voorganger ons Koetshuis op Landgoed Lauswolt in 2007 heeft gebruikt voor een succesvolle formatie. Ze waren er in 3 dagen uit. Dat wilt u toch ook?" De minsken fan Lauswolt wize ek op it koetshús út 1868: "Laten wij dit Koetshuis nu net prachtig verbouwd hebben. Wolkom! Laat u ons even weten wanneer we u mogen ontvangen? Geheel Corona-proof uiteraard."

(Advertinsje)
(Advertinsje)