Hast 70 útstapplakken by Kompanjonsfeart: net foar minsken, mar foar reeën

19 mrt 2021 - 20:42

De provinsje hat de Turfrûte oanpast, sadat reeën wer feilich op de kant komme kinne as sy yn it wetter bedarje. Der binne ekstra útstapplakken makke oan de Kompanjonsfeart. It giet om 69 útstapplakken tusken De Gordyk en Lyts Grins. Om yn de takomst safolle mooglik foar te kommen dat der reeën ferdrinke hat provinsje Fryslân de wâlen fan de Turfrûte oanpast.

Lippenhuzen - Foto: Provinsje Fryslân

It wetter fan de Turfrûte is djipper en breder makke, sa't der mear boaten trochhinne farre kinne. Mar nei dy oanpak kamen der mear meldingen fan ferdronken reeën. Twa jier lyn hat de provinsje dêrom al ekstra wyldútstapplakken meitsje litten. Mar dat loste noch net oeral it probleem op. Mei help fan minsken dy't oan de Kompanjonsfeart wenje, binne dy knipepunten no ek oanpakt. Net allinne reeën binne dêrmei holpen, mar ek oar wyld en húsdieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)