Foar it earst ûndersocht wêr't it Waadsee-slyk wei komt: it Nau fan Calais

19 mrt 2021 - 19:57

It measte slyk dat him ôfset yn de Waadsee op platen en kwelders komt fan behoarlik fierwei fuort: de Strjitte fan Dover (Nau fan Calais). Dat docht bliken út ûndersyk fan Deltares yn opdracht fan it programma Naar een Rijke Waddenzee. It is wichtich om te witten, om't it slyk nêdich is om de Waadsee mei alle ûndjipten, platen en kwelders te behâlden.

It Wierumerwaad - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Foar it earst is der ek sicht op hoefolle slyk de Waadsee fan Denemarken Nederlân berikt. Dat is tusken de 12,1 oant 16,5 miljoen ton yn it jier. By slyk giet it om kerrels dy't lytser binne as 63 mikrometer. Uteinlik set tusken de 10,8 tot 11,3 miljoen ton slyk him ôf. Dat betsjut dat de oanfier grutter is dan wat der úteinlik op it Waad lizzen bliuwt, mar it skeelt net in soad.

Op koarte termyn soe it genôch wêze om de seespegelstiging by te hâlden. Saakkundigen dy't belutsen binne by ûndersyk fan Rykswettersteat nei de kustferdigening en sânsupleesjes hawwe koartlyn noch 2035 neamd as in mooglik omslachpunt wannear't it Waad de stiging net mear byhâlde kin.

Fan west nei east

It slyk ferpleatst him fan west nei east yn en oer it Waad. As der tekoarten ûntstean, soene je dat dus it earste sjen moatte yn it eastlike part fan de Waadsee om't dan it measte yn it westlike Waad efterbliuwt. Mear oer it rapport is hjir werom te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)