De folsleine útslach: dizze Friezen behellen de measte stimmen yn eigen provinsje

Fan alle Fryske kandidaat-Keamerleden hat Habtamu de Hoop de measte stimmen krigen yn ús provinsje. De 22-jierrige PvdA'er krige goed 6.600 stimmen. Hy krige in soad stimmen yn syn eigen gemeente Súdwest-Fryslân. Yn totaal giene yn Fryslân fierwei de measte stimmen nei Mark Rutte. Sa'n 60.000 Friezen stimden op de listlûker fan de VVD.
Habtamu de Hoop © ANP
De measte Friezen stimden ôfrûne woansdei 'gewoan' op de listlûker fan harren partij. Dat is by de VVD sa, mar ek by D66 en it CDA. Sigrid Kaag en Geert Wilders hellen foar harren partijen de measte stimmen binnen.
By it CDA leit dat oars. Listlûker Wopke Hoekstra krige fan alle CDA-kandidaten wol de measte stimmen yn Fryslân, mar ek de nûmer twa op de list, Pieter Omtzigt, wie in echte stimmelûker. Ek by de SP die de nûmer twa it relatyf goed: Renske Leijten. Omtzigt en Leijten hawwe har de ôfrûne jierren in soad ynset foar de slachtoffers fan de taslagge-affêre. Guon kiezers beleanje harren dêrfoar.
Wat opfalt is dat by Forum voor Democratie yn Fryslân net de measte stimmen nei listlûker Thierry Baudet giene, mar nei de nûmer twa op de list: Wybren van Haga. Van Haga profilearret him bot mei krityk op it coronabelied fan it regear.

Habtamu de Hoop grutter as GroenLinks

Listlûker Lilianne Ploumen krige yn Fryslân de measte stimmen dy't nei de PvdA giene, mar Habtamu de Hoop helle ek in soad stimmen binnen foar de sosjaaldemokraten. De nûmer njoggen op de list krige 6.562 stimmen. Yn syn eigen gemeente, Súdwest-Fryslân, sels mear as 2.000. Dat is mear as hiel GroenLinks byinoar yn dy gemeente.
Habtamu de Hoop (PvdA)
De Hoop fynt it 'hartstikke leuk', al is it foar him ek wer gjin ferrassing dat er in soad stimmen yn eigen gemeente lutsen hat. "Dat ik mear haw as hiel GroenLinks yn ús gemeente, dat is wol bysûnder. Ik sil wol profitearre hawwe fan it feit dat de oare linkse partijen net echt in Fryske kandidaat hiene, sa earlik moatte je ek wêze. Mar ik tink dat wy yn Fryslân ek wol in goeie kampanje fierd hawwe. It is gjin geheim dat wy op mear hope hiene, mar yn guon gemeenten krigen wy noch wol in soad stimmen."

Betrouwen yn Keamersit

De PvdA krijt njoggen sitten, neffens de foarriedige útslach. Dat moat foar De Hoop krekt genôch wêze, as der net ien is dy't leger op de list stiet mei in hiel soad foarkarsstimmen. In kandidaat hat nei skatting sa'n 17.000 foarkarsstimmen nedich foar in sit. De Hoop sit der sels net mear oer yn: "It is net mear logysk dat der ien oer my hinne giet."
Femke Wiersma en Caroline van der Plas © ANP

Femke Wiersma mear stimmen as eigen listlûker

Nei Habtamu de Hoop skoart Femke Wiersma fan de BoerBurgerBeweging it bêst fan de Friezen. Sy krige 6.216 stimmen. Dat is mear as twa kear safolle as de listlûker fan har eigen partij, Caroline van der Plas. Wiersma docht it benammen goed yn de noardeastlike hoeke fan de provinsje. Se komt sels út Holwert.
Femke Wiersma (BoerBurgerBeweging)

"Lytse partijen soene middels krije moatte"

"It is surrealistysk en it is in hiele eare dat safolle minsken in krúske njonken dyn namme set hawwe," seit Wiersma sels. Sy fynt dat in soad oare partijen in foarsprong hiene op har partij. "BBB is in nije partij: je krije dan noch gjin middels út Den Haag wei om kampanje te fieren. Ik fyn persoanlik dat alle partijen in likense kâns krije moatte, in level playing field. Wy hawwe in sit krigen, dat is in hiele prestaasje."

De Vries, De Vries en Van der Molen

Wa't yn it noardeasten ek opfalt is Douwe de Vries. De Hallumer stie op plak 43 foar it CDA, mar hy hat goed 2.500 stimmen krigen. Der binne mar fjouwer Friezen dy't faker in krúske njonken de namme krigen. De Hoop en Wiersma dus, en fierder Aukje de Vries (nûmer 8 VVD) en Harry van der Molen (nûmer 9 CDA).
Sjoernalist Sybrand Grasdijk

De 11 Fryske kandidaten mei de measte stimmen yn Fryslân

Kandidaat Partij Stimmen
Habtamu de Hoop PvdA 6.662
Femke Wiersma BBB 6.216
Aukje de Vries VVD 4.379
Harry van der Molen CDA 3.490
Douwe de Vries CDA 2.570
Christa Oosterbaan PvdA 2.005
Romke de Jong D66 1.302
Nynke Koopmans FVD 954
Carlijn Niesink CU 939
Maarten Goudzwaard JA21 790
Johan Talsma FVD 773