It Polytburo: Paul van Gessel (GrienLinks) slút fúzje op links net út

19 mrt 2021 - 19:01

De linkse partijen sille de kommende jierren folle yntinsiver gearwurkje moatte. Dat seit foarsitter Paul van Gessel fan GrienLinks Fryslân yn It Polytburo. Op termyn slút hy de foarming fan in nije, linkse partij net út. It soe dan gean kinne om in fúzje fan GrienLinks, de Partij van de Arbeid en de SP.

Van Gessel syn partij ferlear swier by de Twadde Keamerferkiezingen: GrienLinks gie fan 14 nei 8 sitten. As it oan de Fryske kiezer lein hie wie de stimbusútslach noch minder, dan wie GrienLinks op seis sitten yn it parlemint útkaam.

Neffens Van Gessel wie de kampanje fierstente abstrakt. Sa gie it hast net oer saken dêr't 'gewoane' minsken mei sitte, lykas corona en alle maatregels dy't dêr efter wei komme. Ek hie Van Gessel flinke krityk op it feit dat der net ien Fries op in ferkiesber plak op de list fan GrienLinks stie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)