Underwetternatuer Amelanner Seegat amper gefoelich foar sânsuppleesje

19 mrt 2021 - 18:33

De ûnderwetternatuer yn it Amelanner Gat tusken Skylge en It Amelân hat net in soad skea oprûn troch 5 miljoen kubike meter sânsuppleesje dy't yn 2018 en 2019 dien waard. Dy suppleesje is ûnderdiel fan in ûndersyk fan Rykswettersteat, yn gearwurking mei in tal ûndersyksorganisaajes.

It lêste stikje Skylge mei Amelân fierderop yn byld. Dêr tusken yn leit it Amelanner Gat. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Der is sawol foar de suppleesje as dernei sjoen nei wat der mei it libben ûnder wetter bard is en wat dêr de ynfloed fan west hat op seehûnen en fûgels, sa as de swarte see-ein en de grutte stirns. Dat is koartlyn bekend makke op in online sympoasium.

Foar It Amelân is dat goed nijs, want in sânsuppleesje oan de Noardseekant fan it seegat kin helpe om eroazje fan de westkant fan it eilân foar te wêzen. Foar't it nije sân der lei waarden hast 80 soarten boaiemlibben fûn yn it seegat.

At it giet om hoe't it sân ferpleatst, is it wol lestich om de effekten fan de sânsuppleesje op de ekology te skieden fan wat der al barde yn it dynamyske gebiet.

Wol minder skulpen

Allinnich op it plak dêr't it sân stoarten is, is in dúdlik effekt te sjen: in ôfname yn it tal skulpen. Dy kamen ûnder it sân te lizzen en it duorret langer foar't sokke langlibjende soarten weromkomme. Mar dat gebiet is relatyf beheine en it soarget net foar dúdlike gefolgen foar de see-einen, dy't de skulpen ite.

Grize seehûn mei jong op Skylge. - Foto: Remco de Vries

It tal fisken en foaral ek de ferdieling derfan is net feroare. En dat is goed foar soarten dy't fisk ite, lykas seehûnen en de grutte stirns, dy't oant de pykjes berne wurde wol grutte ôfstannen ôflizze kinne om fretten te finen. Yn it Waad binne der koloanjes op Tessel en It Gryn.

Oare seegatten

Foar it ûndersyk wie der net folle bekend oer de seegatten trochdat is net altyd de maklikste wetters binne om yn te faren. It ûndersyk yn it Amelanner Gat hat dêrom ek ynteresse lutsen fan bûtenlânske ûndersikers út ûnder oaren Dútslân en Denemarken. De konklúzjes binne net ien-op-ien oer te nimmen foar oare seegatten, dêr binne de ferskillen te grut foar. Mar der is wol mear bekend wurden oer ûnder oaren it dwaan en litten fan ûnderwetterorganismen.

Dat soarget der bygelyks foar dat ûndersikers no better witte wêr't se nei sjen moatte by in ferfolchûndersyk by de Westerschelde. Yn septimber sille ûndersikers foar de tredde kear sjen wat der oer langere tiid feroare is yn it Amelanner Gat.

Cor Schipper fan Rykswettersteat

(Advertinsje)
(Advertinsje)