Seldsume moasksoarte yn Frysk miedegebiet: "Krekt of winne je in miljoen"

19 mrt 2021 - 18:22

It is in gouden en histoaryske fynst yn Frysk miedegebiet: it giele skorpioenmoask. It plantsje waard ferline jier oantroffen en nei ferskate kontrôlen docht no bliken dat it echt it skorpioenmoask is. It komt yn hiel Europa mar op in pear plakjes foar. "Dit is foar de natuer geweldich," seit boskwachter Jakob Hanenburg. "Foar ús is dit in kroan op it wurk."

Nije soarte moask fûn yn Fryslân

"Sjoch, dêr hawwe wy dan ien te pakken," begjint Jakob Hanenburg syn ferhaal. Mei in grien waadpak makket de boskwachter fan Steatsboskbehear in paad troch it wetter yn in Frysk miedegebiet. Steatsboskbehear besiket al jierren om it grûnwetter heech te hâlden yn it natuergebiet.

Ofhinklik

"Dan hast ek fuortendaalks de reden wêrom't it plantsje hjir oantroffen is," seit Hanenburg wylst hy in stikje fan it giele-skorpioenmosk út de grûn lûkt. "Moask hat gjin woartel en is dus folslein ôfhinklik fan de wrâld om him hinne. Troch al dit wetter kin it no wer groeie. Dêr hawwe wy op ynset en dat betellet no dus út. Dit is itselde as in miljoen winne. Fantastysk."

Boskwachter Jakob Hanenburg fan Steatsboskbehear - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Dit plantsje is sa wichtich om't it it bioferskaat oantoant," seit Jakob, wylst hy it stikje moask oan syn kammeraat Harry Waltje jout. "It moask is yn hiel Europa beskerme en falt ûnder Natura2000. Je sjogge dus dat der bedrige wurdt, mar dêr hoopje we no in goeie stap yn de rjochting te meitsjen." It plantsje is te werkennen oan de sikkel-foarmige takjes dy't der hat. "It liket op de sturt fan in skorpioen, fan dêr dat it skorpioenmoask is."

It skorpioenmoask - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Ik haw der by west doe't we him fûnen," seit Harry Waltje. Hy giet mei Jakob in protte op ekskurzje op syk nei nije soarten moask. Mar soks oantreffe duorret wol efkes. "Wy wiene hjir de hiele dei oant sykjen en tafallich hat in kollega wat mei nei hûs nommen. Mei it bleate each sjochst it ek hast net, dus dizze man woe efkes sjen wat foar soarte moask it wie. Pas letter kamen we der dus efter dat it spesjaal wie. In saakkundige hat dat befêstige"

Bioferskaat

Waltje is lyk as Hanenburg bliid mei de fynst. "Dit toant oan dat de natuer helpe net foar neat is. Je sjogge dat der no mear bioferskaat is en dêr komme aanst wer ynsekten op ôf. Hoe mear seldsume dingen yn in gebiet, hoe better fansels. Dit is foar ús fenomenaal."

(Advertinsje)
(Advertinsje)