Talinten Rixt van der Wal (17) en Sanne de Ruiter (19) klopje op de doar by VC Snits

19 mrt 2021 - 17:41

VC Snits boekte tongersdeitejûn de earste oerwinning yn de kampioenspûl. De top twa, mei Sliedrecht en Apollo, is lykwols al fier út it sicht en dus sjogge se by Snits ek al fierder as dit seizoen. Trainer Jeffrey Scharbaai jout bygelyks hieltyd mear spyltiid oan twa talinten: Rixt van der Wal (17) fan Haskerhoarne en Sanne de Ruiter (19) fan Ljouwert.

Sjoch hjirûnder nei it Fryslân Hjoed-item

Van der Wal makke noch mar trije jier lyn de oerstap fan VC De Jouwer nei Snits en begûn dêr yn it fjirde team. Nei in seizoen gie se nei it tredde team, in heal seizoen letter nei it twadde team en yntusken spilet se al by it earste, "It hat wol echt in hiele grutte stap west, mar ik bin hiel bliid dat ik him makke haw", seit Van der Wal.

De ûntwikkeling fan Van der Wal is bysûnder te neamen en liket ek mar troch te gean. "Ik tink dat dat ek wol troch mysels komt. Ik haw wol folle ynset en ik gean ek hast alle trainingen folle bak", seit de jonge follybalster. "Ik bin gewoan bereid om better te wurden en ea in basisplak te heljen", seit Van der Wal.

Sky is the limit

Dat basisplak is lykwols mar in beskieden doel. De fraach is mear wêr't de latte foar Van der Wal leit. "Dat ligt aan haar. Wij trainers zorgen ervoor dat we wat in haar rugzakje gooien. Ik hoop dat zij dat dan meeneemt. Straks ligt de bal bij haar: wat wil ze bereiken? De 'sky is the limit' zegt ik altijd, maar die bal heb je zelf in de hand", seit trainer Jeffrey Scharbaai.

Rixt van der Wal

De Ruiter makket ek in stoarmeftige ûntwikkeling troch. Sy kaam twa seizoenen lyn oer fan Ljouwert en krijt no ek al har minuten yn it earste team. "Dat is een heel ander type speelster. Sanne de Ruiter is een hele blije vogel die echt de knop om moet draaien om te kunnen presteren. Die geniet van alles wat ze doet. Dat doet ze erg goed", seit har coach.

De 19-jierrige follybalster moat harsels sels wol ris yn de earm knipe, om't se hast net leauwe kin dat it allegearre sa fluch giet. "Ja, soms wel. Dan denk ik van: wow. Het is heel snel gegaan, maar ik krijg heel veel vertrouwen van Jeffrey en tijdens de trainingen gaat het heel goed", seit De Ruiter. "Het was ook gelijk een hele grote stap van de derde divisie naar de eredivisie. Dus het was wel eerst heel erg wennen qua niveau en snelheid, maar ik heb het wel redelijk snel op kunnen pakken."

Sanne de Ruiter

Trainer Scharbaai hat yn elk gefal noch gjin momint spyt hân dat hy beide froulju by de seleksje helle hat. "Ik vind het ook belangrijk dat we jeugd kansen geven en dat die ook echt de tijd krijgen om te kunnen groeien. Het is ook gewoon belangrijk voor de club, maar ook voor henzelf. Je kunt wel wat van buiten halen en zeggen we hebben een goed team, maar ik denk dat we dit op de lange termijn veel belangrijker is", seit Scharbaai.

No't VC Snits sa goed as útskeakele is foar it kampioenskip, giet it each fansels al gau op dy lange termyn. Scharbaai woe dit jier noch net direkt in oergongsjier neame, mar mei de talinten dy't op de door klopje soe Snits takom jier ynienen wol ris meidwaan kinne foar de titel. "Als we het voor elkaar krijgen het hele team bij elkaar te houden, dan klopt dat", sa seit Scharbaai.

Jeffrey Scharbaai

(Advertinsje)
(Advertinsje)