Faunabehear hopet op hartbeslút fan provinsje

19 mrt 2021 - 17:20

Faunabeheereenheid Fryslân wachtet noch op grien ljocht út it Provinsjehûs wei om it tal damharten yn súdeast-Fryslân te beheinen. Tusken Oranjewâld en Makkingea rinne der sa'n 180 damharten om. Damharten kamen hjir eins net foar en de bisten soargje foar problemen, mar it is ek in beskerme soart. Dêrom leit sûnt jannewaris de fraach by de provinsje foar tastimming. Faunabehear tinkt en hopet dat der gau in beslút komt.

Faunabehear hopet op hartbeslút fan provinsje

"De opdracht is op 7 jannewaris oanfrege, sûnt dy tiid leit it fersyk op it Provinsjehûs. Wy binne yn ôfwachting fan wat de deputearre aanst sizze sil. Ik ferwachtsje dat sy gau yn aksje komme," seit Robbert de Vries fan Faunabeheer.

Populaasjeproblemen

Yn it ferline kamen damharten - eins deimen yn it Frysk - allinne in hartekampkes foar, seit De Vries. "Mar de lêste 20 jier rinne se ek frij om. De measten binne ris útnaaid. Earst wie dat net in probleem. Yn 2002 hat de provinsje sein: wy wolle se net yn it wyld hawwe. De jagers mochten se sjitte, mar yn 2006 hat de rjochter dat ferbean om't it in beskerme diersoart is. Sûnt dy tiid is der neat oan it behear dien."

Mar de populaasje groeit en dêrmei komme der problemen. "Benammen oanridingen mei auto's, mar ek lânbouskea en natuerskea binne mooglik. It giet om oerlêst, mar om wat dwaan te meien moatte je oantoane dat in yn de wet neamd belang oantaast wurdt," seit De Vries.

Fan 180 nei 80

Faunabeheer is in grut foarstanner fan it ôfsjitten fan in tal damharten. "Mar it kin allinne as je tagelyk ek in gebiet oanwize dêr't se wol libje kinne. It is in beskerme soart. Fan de 180 moatte der sa'n 80 oerbliuwe. By minder wurdt de populaasje te lyts, dan is de kâns op ynteelt grut. En by mear is der kâns op skea en oerlêst. As wy it op ien hart op hûndert bunder hâlde, dan komme je ek út op sa'n 80."

Foto: Shutterstock.com (WildMedia)

Bonne Schokker fan pleatslik belang Aldehoarne is wiis dat der aanst aksje ûndernaam wurdt. "Der binne te folle. It binne prachtige bisten, mar dat minsken hjir moarns del ride en dat der in keppel damharten foar del stood, dat is gefaarlik. Ik tink dat it in goeie saak is dus, ek dan men it yn balâns bringe wol. Der binne altyd tsjinstanners en foarstanners, dat hâlde je. Mar sa'n reedlike balâns is moai. Ik hoopje ek dat wy as pleatslik belang wat kontakt hâlde mei de partijen om te oerlizzen. Sa't it net wer sa lang duorret."

Bonne Schokker fan pleatslik belang Aldehoarne

Natuer by Oranjewâld - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)