Eveneminten meie wer pland wurde, "mar foar de SKS feroaret der neat"

19 mrt 2021 - 16:45

Organisatoaren fan konserten, festivals, sportwedstriden en kongressen kinne wer begjinne mei it plannen fan eveneminten nei 1 july. Dat meldt it kabinet hjoed. Foar ien fan de grutste Fryske eveneminten, it SKS skûtsjesilen, feroaret der lykwols neat, seit foarsitter René Nagelhout.

Foto: Omrop Fryslan

It kabinet makke ek in ekstra stipepakket bekend: as de eveneminten fanwege corona net trochgean kinne, krije de organisatoaren in soarte fan annulearringspreemje fan de oerheid. 80 persint fan de kosten krije se dan werom.

"Dat is hartstikke moai nijs, mar fansels moatte je wol efkes goed sjen nei wat sein wurdt", seit Nagelhout. "It jout foar in soad eveneminten wol hoop, mar ek wol foar alle ynwenners fan Nederlân, tink ik."

'Foar ús feroaret neat'

Hoewol't Nagelhout dus optein is mei de nije mooglikheden, hat de SKS der net in soad oan. "Foar de SKS feroaret der neat. Wy ha altyd sein: we sjogge nei wat wol kin. Dêr meitsje wy no in soad tiid foar. At der in fergunning ôfjûn wurdt, kinne wy gau los."

Dêr komt noch wol wat by sjen, seit Nagelhout. "It regear seit tagelyk ek dat de eveneminten net sa organisearre wurde kinne as foar de coronakrisis. Dy oardel meter sil tink ik net ferdwine, dêr sille we kommende tiid noch mei te krijen ha en dat betsjut wol ien en oar foar ús."

Foarsitter René Nagelhout fan de SKS

(Advertinsje)
(Advertinsje)