Foksen hawwe frij spul troch jûnsklok: "Fatale gefolgen foar greidefûgels"

19 mrt 2021 - 16:41

De jacht op foksen leit troch de jûnsklok foar in grut part stil. Jagers wolle nachts jeie mei ljochtbakken, mar dat kin no net. En dat is tige spitich, seit it BFVW (Bond van Friese Vogelwachten): krekt yn dizze perioade lizze greidefûgels aaien of krije se pykjes en moat de foks bestriden wurde.

Foksen hawwe frij spul troch jûnsklok

"De foks is krekt in lustmoardner yn it fjild, dy rjochtet in slachting oan", seit Titus Sijmonsma, jager en lid fan it haadbestjoer fan it BFVW. Yn Fryslân mei der mei spesjale sterke lampen, ek wol ljochtbakken neamd, op foksen jage wurde. Yn it tsjuster wurde de bisten earst yn de ljochtbondels fongen wêrnei't de jager met syn gewear yn aksje komt.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Frij spul foar foksen

"Dat is no tige wichtich. Oerdei binne de neisoargers dwaande om de nêsten te beskermjen en nachts hawwe de jagers de plicht om te probearjen de foks te sjitten", seit Sijmonsma. Hoefolle foksen der no omrinne yn Fryslân is net bekend. Neffens Sijmonsma yn elts gefal mear as goed is. "Ik tref in soad fûgels oan dy't oanfretten en deabiten binne."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Nachts de foks bestride is troch de jûnsklok no net mooglik. "Dat is hiel funest. As jo 100 kilometer stadichoan ride moatte om de foks te finen, dat kostet tiid. Dan binne jo net foar de jûnsklok wer thús. We ha besocht om fia de provinsje in ûntheffing te krijen, mar dat is net slagge. Gefolch is dat de foks frij spul hat yn it fjild. Mei fatale gefolgen foar de greidefûgels."

(Advertinsje)
(Advertinsje)