As allinne Fryslân stimme soe: rjochtser en mear foar de boeren

19 mrt 2021 - 16:33

Net ien, mar trije sitten foar de BoerBurgerBeweging. Net acht, mar alve sitten foar Forum voor Democratie. As allinne Fryslân woansdei nei de stimbus gien wie, dan hie de Twadde Keamer de hiel oars út sjoen. Dat docht bliken út in analyze fan de útbrochte stimmen yn ús provinsje.

Docht ûndersteande ôfbylding it net, klik dan hjir.

Lanlik binne de VVD (35 sitten) en D66 (23 sitten) de twa grutste partijen wurden. Dizze twa partijen wurde as earste frege troch ferkenners Annemarie Jorritsma en Kajsa Ollongren, om te sjen hoe't de koälysje der neffens harren út moat komme te sjen. As allinne de stimmen út Fryslân wei teld wiene, hie D66 net oan tafel sitten. Dan hiene VVD (27 Fryske sitten) en CDA (23 Fryske sitten) de earste twa partijen west wêrmei't der praat waard troch it foarmjen fan in koälysje.

De grutte lanlike winst fan D66, de partij dy't 23 sitten helle en dêrmei fjouwer sitten groeide, komt net út Fryslân wei. Yn in 'Fryske Twadde Keamer' soe de partij fan Sigrid Kaag 18 sitten helle hawwe.

Boer en boarger

In pear lytsere partijen binne yn Fryslân flink grutter as yn de nije Twadde Keamer. Sa soe Forum voor Democratie hjir net acht, mar alve sitten helle hawwe. De PVV, ek in partij fan rjochts, mar krekt in stikje grutter as Forum voor Democratie, soe yn Fryslân eksakt like grut wêze as de partij no is yn Nederlân.

Mar benammen de BoerBurgerBeweging falt op. De yn Fryslân bekende nijkommer, mei Femke Wiersma fan Holwert op plak twa, soe yn ús provinsje leafst trije sitten helle hawwe. Wiersma soe mei foarfrou Caroline van der Plas en Erik Steggink yn de Keamer kaam wêze.

Femke Wiersma fan BoerBurgerBeweging - Foto: ANP

Tradisjoneel sosjalistysk

Twa 'reade' partijen, de PvdA en de SP, dy't woansdeitejûn beide flinke klappen krigen, hâlde harren better steande yn Fryslân. De SP van Lilian Marijnissen hold mar njoggen sitten oer, mar soe fan de Friezen alve sitten krigen hawwe. Ek de PvdA docht it hjir better as op it lanlike toaniel. Lyk as de SP holden sy leafst njoggen sitten oer. Yn Fryslân soe Ploumen 14 sitten krigen hawwe.

Harkje nei sjoernaliste Eva Meesterberends

(Advertinsje)
(Advertinsje)