Waadfûns stekt 10 miljoen yn opkeapregeling fan garnalefiskerij

19 mrt 2021 - 15:35

It Waadfûns set 10 miljoen euro opside om fergunningen foar garnalefiskers yn it Waadgebiet út de merk te heljen. Dat is ien fan de ôfspraken yn it Convenant Viswad, dat sletten is tusken oerheden, natuerorganisaasjes en de fiskerij. De bedoeling is dat 6,5 persint fan de fiskerijgebieten yn de Waadsee frijwillig sletten wurdt foar de garnalefiskers.

Foto: Waddenfonds

Fiskers hawwe in saneamde GK-fergunning nedich: dêr binne der op it heden 89 fan, mar dat wurde der dus minder. Oant 30 april kinne fiskers harren fergunning oanbiede fia in regeling (Tenderregeling Garnalenvisserij Waddenzee).

Goed foar Waadboaiem en fiskers

Mei de maatregel moat de druk fan de garnalefiskerij op in boaiemlibben fan de Waadsee minder wurde, en de oerbliuwende fiskers krije mear perspektyf. Ferline jier waard der ek alris in opkeapregeling opset, mar dy smiet net op wat de bedoeling wie. Dêrom is der in oanpaste regeling kaam.

Der moatte op syn minst 10 en der kinne op syn meast 30 fergunningen út de merk helle wurde. De subsydzjeregeling wurdt útfierd troch it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN).

(Advertinsje)
(Advertinsje)