Tal nije besmettingen boppe de 200, trochsneed giet ek omheech

19 mrt 2021 - 15:18

It RIVM meldt freed 236 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 31 minder as tongersdei. Doe wienen der 267 besmettingen meld. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 242 besmettingen konstatearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (49), dêrnei folgje Ljouwert (34) en Smellingerlân (28)

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 4 stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan Ljouwert (1), Skylge (1), Súdwest-Fryslân (1) en Noardeast-Fryslân (1). Der hawwe twa sikehûsopnamen west yn Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 7.425 nije coronagevallen registrearre, it heechste oantal sûnt 8 jannewaris. Minister Ferd Grapperhaus joech al oan dêr 'vrij kortademig' fan te wurden.

It lanlike gemiddelde fan de ôfrûne wike is 6.054.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)