Doelman Pieter Bos twa jier langer by Sportklup Cambuur

19 mrt 2021 - 14:55

Pieter Bos hat syn kontrakt by SC Cambuur mei twa seizoenen ferlinge. De 24-jierrige doelman út Bûtenpost hie in ôfrinnend kontrakt en leit no fêst oant elts gefal 2023, mei in opsje foar noch in jier.

Foto: Orange Pictures

Bos spile earder yn de jeugd fan VV Bûtenpost en SC Hearrenfean en stapte yn 2016 oer nei Cambuur. Hy hat oant no ta twa wedstriden keept yn it earste alvetal fan de Ljouwerters, mar kaam dit seizoen noch net yn aksje.

Cambuur is drok dwaande mei it gearstallen fan de seleksje foar kommend seizoen. Earder dizze wike ferlinge ek linksback Alex Bangura syn kontrakt en earder tekenen Robin Maulun en Mitchel Paulisen al in nij kontrakt.

Trefwurden: 
SC Cambuur Pieter Bos
(Advertinsje)
(Advertinsje)