Tal coronabesmettings op De Twine yn Drylts oprûn ta 43

19 mrt 2021 - 14:12

It oantal coronabesmettings op basisskoalle De Twine yn Drylts is oprûn ta 43. It giet derby om 35 besmettingen by learlingen en acht by meiwurkers. De skoalle hat dizze hiele wike ticht west fanwege de corona-útbraak. Moandei giet de skoalle lykwols wer iepen. Allinnich komme noch net alle bern de earste dei alwer nei skoalle.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

Moandei komme earst de bern fan de jongste groepen wer nei skoalle. Dêr binne relatyf sjoen it lytste tal klachten. Woansdei komme dan ek de âldste groepen wer yn de klasse. Dit kin omdat de ferplichte karantêne dan wer foarby is.

De bern dy't as earst besmet rekken, hiene allegear gjin of mylde klachten, mar it liket der neffens de direkteur wol op dat dy bern mekoar besmet hawwe. De ôfrûne wike ha de bern online les krigen.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga by de skoalle

(Advertinsje)
(Advertinsje)