Freedsmerk oer ferkiezingen: "Jo krije it regear dat jo fertsjinje. No, dit is it!"

19 mrt 2021 - 13:37

"Jo krije it regear dat jo fertsjinje. No, dit is it!", dat wie ien fan de konklúzjes op de Ljouwerter freedsmerk nei de ferkiezingen fan woansdei. Der wiene tefreden kiezers: "Geweldich! Ik ha D66 stimd om in nije regearing nei links te lûken. Hiel bliid mei harren winst, dus!" Mar guon oare kiezers wiene folle minder tefreden.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In 50Plus-stimmer, bygelyks, wie net bliid mei de útslach. Al hy hie der al net folle fedúsje mear yn. "Mei al dy ynterne spul seagen jo dit wol oankommen." Twa froulju wiene swier teloarsteld: "Dit hiene we net ferwachte. No sitte we noch langer yn dizze soai. We hiene leaver PVV of Foarum oan de macht hân. Dy tinke krekt sa as wy!" Oaren hope benammen dat fan al dy beloften wat oerein bliuwe sil. "Mar dêr bin ik net wis fan."

In CDA-stimmer hie it idee dat Wopke Hoekstra wat lêst fan 'minske-frees' hat: "Hy stiet faak mei de mûle fol tosken." Fierder wie ek it lûd te hearren dat der fierstente folle partijen binne. "Dat giet dan allegear mar wer wat hinne en wer. Ik fyn dat in gedonder fan neat. Twa of trije partijen, dat is genôch!" Mar de mearderheid koe him wol aardich fine yn de útslach en benammen oer in nij kabinet ûnder Mark Rutte. "Dy man strielt rêst en gesach út, krekt wat we no nedich ha."

Ferslachjouwer René Koster op de Ljouwerter Freedsmerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)