Mear en mear jonge bern teste (posityf) op it coronafirus

19 mrt 2021 - 12:57

Benammen basisskoallebern rekken ôfrûne wike besmet mei it coronafirus. Dat komt omdat dy har mear teste litte. De besmettingssifers yn Fryslân binne neffens GGD Fryslân oprûn nei hast twa moannen fan stabyl hege oantallen. Ofrûne wike waarden der 1.611 coronabesmettings meld, de wike dêrfoar 1.180. GGD Fryslân makket him dêrom grutte soargen oer in mooglike tredde weach.

De testlokaasje fan de GGD yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Hieltyd mear minsken litte har teste. Der binne no 60 persint mear tests as by de pyk mei de jierwiksel, doe't de GGD ûngefear likefolle besmettings melde. In oantal positive tests sakket lykwols ûnder de acht persint. Hoe leger dat fynpersintaazje, hoe better de GGD it firus op it spoar is.

Bern

Benammen bern fan 4 oant 12 jier litte har mear teste. Yn jannewaris waarden der yn totaal 800 tests ôfnaam by bern, ôfrûne wike wiene dat der 3.000. Dat binne der like folle as by tweintigers en tritigers.

Dat komt mei troch it strange testbelied op skoalle. Sadree't in bern posityf test, bliuwt de hiele klasse thús en is it advys om eltsenien te testen. De testreeëns is heech en âlden litte har ek mear teste as earst.

De ôfrûne sân dagen rekken yn Fryslân 212 bern besmet mei it coronafirus, de wike dêrfoar 88. Fan alle besmette persoanen is no 12 persint basisskoallelearling. In wike earder wie dit acht persint en heal jannewaris noch mar 2,3 persint.

Oare leeftiden

It oantal besmettings yn de oare leeftydskategoryën naam licht ôf, op de groep 18 oant 30 jier nei, dy't licht tanaam. Yn de ferpleech- en fersoargingshûzen en yn de thússoarch bleau it oantal positive tests likernôch lyk. Yn de Fryske sikehûzen wie sprake fan in stiging fan goed 50 persint.

No't de kapasiteit fan de testlokaasjes foller rekket, ferrommet de GGD de iepeningstiden yn Drachten. Fan takom wike ôf is dy lokaasje twa oeren langer iepen, oant 22.00. Wa't let test, kin dêrfoar in jûnsklokferklaerring krije. Mooglik krije de oare lokaasjes ek langere iepeningstiden.

Faksinaasjes

De ôfrûne wike hat de GGD 11.401 ynwenners fan Fryslân faksinearre. In wike earder gie it om 6.889 persoanen. Yn totaal binne troch de GGD no 58.053 prikken set by ynwenners fan Fryslân, fan wa krekt wat mear as 34.000 by 70-plussers. Hast 15.000 Friezen hawwe twa prikken hân.

It faksinearjen fan AstraZeneca is dizze wike stillein, mar giet woansdei wer fierder. Minsken fan wa't de ôfspraak net trochgie, krije dit wykein in sms en moatte sels fia it lanlike nûmer in ôfspraak meitsje. GGD Fryslân ferwachtet yn in wike de 2.800 útstelde ôfspraken yn te heljen.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)