Wettersportferbûn tsjin plan foar fêste brêge by Eastermar

19 mrt 2021 - 11:57

It Wettersportferbûn is tsjin it plan foar in fêste brêge by Eastermar. De brêge yn it doarp moat ferfongen wurde. It oanlizzen fan in fêste ferbining is de goedkeapste opsje, mar hat neffens it Wettersportferbûn in soad neidielen. It ferbûn tsjinnet dêrom in sjenswize yn by de gemeente Tytsjerksteradiel.

Foto: Google Street View

De trije plannen foar de te ferfangen brêge binne werstel fan de besteande brêge, it bouwen fan in oare beweechbere ferzje of it dellizzen fan in fêste ferbining oer it wetter.

As de brêge by Eastermar in fêsten-ien wurdt, dan kinne sylboaten en gruttere motorboaten net net mear fan en nei de Burgumer Mar en De Leijen farre, draacht it Wettersportferbûn oan. Dêrtroch wurdt it gebiet minder oantreklik foar harren.

Der binne in soad boaten yn dizze omjouwing dy't net rap de mêst strike kinne om ûnder in fêste brêge troch te farren, lykas it histoaryske skûtsje De Rot en de sylpreamen.

Takomstfisy

It Wettersportferbûn hat de gemeente Tytsjerksteradiel derop wiisd dat it ferfangen fan de brêge troch in fêst eksimplaar yngiet tsjin de langetermynûntwikkeling fan de wetterrekreaasje yn noardeast-Fryslân. Der is in takomstfisy fêstlein troch de gemeenten yn dit part fan de provinsje yn it rapport 'Land en water verbonden'. It plan foar in fêste brêge giet yn tsjin dy plannen.

"Bovendien geldt in de Basis Recreatie Toervaartnet (BRTN) de vuistregel: houden wat je hebt, dus geen beweegbare bruggen vastmaken", skriuwt it ferbûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)