Blessuerespûk slacht no ek ta yn technyske stêf fan Cambuur

19 mrt 2021 - 11:49

Der binne yn de seleksje fan SC Cambuur al flink wat spilers mei in blessuere, mar ek yn de technyske stêf slacht it blessuerespûk ta. Keeperstrainer Peter van der Vlag skuorde tongersdei op de training de haksine ôf, wêrtroch't er operearre wurde moast en de kommende tiid thús sit. Cambuur sil ynkoarten mei Drachtster Etienne Stomp, dy't al keeperstrainer is yn de jeugdoplieding, om tafel oer de ferfanging fan Van der Vlag.

Keeperstrainer Peter van der Vlag (rjochts) mei Sonny Stevens (links) - Foto: Orange Pictures

It is wat dat oanbelanget gjin moaie wike foar de Ljouwerters. Op de training fan woansdei moast middenfjilder Robin Maulun de training al ferlitte mei in op it each swiere blessuere, mar gelokkich foar de Frânsman is it net sa slim as earst tocht waard. Hy hat in ankelblessuere en kin minimaal in moanne net meidwaan. In dei letter gie it dus op 'e nij mis op de training fan Cambuur. Ditkear mei Van der Vlag as slachtoffer.

Cambuur kin oankommende moandei tsjin FC Eindhoven neist Maulun gjin gebrûk meitsje fan Issa Kallon, Mitchel Paulissen en Stanley Akoy dy't noch blessearre binne. Mooglik dat Nick Doodeman en Michael Breij wol wer oanslute fanút de sikeboech. Ek Jarchinio Antonia ûntbrekt, mar dat is om't de oanfaller ynterlâns spylje moat mei Curaçao.

(Advertinsje)
(Advertinsje)